'Dokters ha it fierstente drok'

28 jun 2002 - 00:00

Medysk spesjalisten yn sikehûzen hawwe it fierstente drok. Dat docht bliken út in ûndersyk dat útfierd is troch de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. 400 NHLstudinten hawwe 55 sikehûzen en oare soarchynstellings yn Nederlân ûndersocht.

Oan de hân fan de resultaten bepaalt it kabinet oft der mear dokters bykomme moatte, of as se mear fertsjinje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)