Studinten húsfeste yn Lienward

© Omrop Fryslân
It skoalgebou fan it eardere Lienward Kolleezje yn Ljouwert wurdt brûkt foar studinteopfang. Der komme 81 bûtenlânske studinten te wenjen.
Der is grut ferlet fan tydlike húsfesting fan ynternasjonale studinten dy't oan de hegeskoallen yn Ljouwert in oplieding folgje. De omwenjenden fan it Lienward Kolleezje binne ynformearre oer de plannen fan de gemeente.