Suvelkonsern fergoedet skea

© Omrop Fryslân
Friesland Coberco fergoedet de skea dy't de boeren hiene fan de stakings yn de suvel. It algemien bestjoer fan it konsern hat dat woansdei besletten. De dupearren krigen tongersdei in brief.
Yn Fryslân en Grinslân moasten 1150 boeren de molke rinne litte om't dy net ophelle waard. Earder woenen de boeren mei in koart pleit de skea fergoede krije, mar dat gie net troch.