Wyn spulbrekker Fryslân Fart?

© Omrop Fryslân
Fryslân Fart kin wolris yn de problemen komme troch de hurde wyn dy't foarsein wurdt. It program fan tongersdei stiet mooglik faai. De organisaasje woe woansdei noch gjin beslút nimme oer it eventueel ôfwiken fan de rûte.
De boaten farre tongersdei yn prinsipe fan Drylts, Heech en Wâldsein nei Balk en Sleat. Unwis is ek oft de skoarstien de wyn wol hâlde kin.