Tefreden oer legale streetrace
De streetraces yn Drachten krije in ferfolch. Nei evaluaasje hat de gemeente bekendmakke dat freed 5 july op 'e nij legaal reesd wurde mei. As dy ek goed ferrint is der noch ien yn septimber. Dan wurdt besjoen oft de races legaal trochset wurde.
By de earste legale race foarich wykein dienen 150 rappe riders mei. Der wienen sa'n 10.000 belangstellenden.