Man mei drugs oanhâlden

09 mrt 2012 - 10:37

Yn Noardwâlde is tongersdei in man (26) út dat plak oanhâlden omdat er in neppistoal en drugs yn hûs hie. De plysje woe mei de man prate oer in rinnend ûndersyk. Doe't se by him yn de keamer kamen, seagen se op de tafel in wapen lizzen. It wie in replika fan in pistoal.

Der waarden ek wyt poeier en in tal fleskes mei GHB fûn. It guod is allegearre yn beslach naam. De fertochte is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)