Ynstjoerings arsjitektuerpriis

© Omrop Fryslân
Hast sechstich projekten binne ynstjoerd foar de arsjitektuerpriis Fryslân. Der sitte lúkse filla's by, mar ek ferboude pakhuzen en moderne kantoargebouwen. De priis wurdt om it jier útrikt, ôfwiksele mei de foarmjouwerspriis.
In sjuery makket yn oktober in seleksje fan fiif ûntwerpen. De winner krijt 5000 euro. Yn de sjuery sit ûnder oare deputearre Mulder.