Firus mooglik net deadsoarsaak

26 jun 2002 - 00:00

De okkerdeis oanspielde seehûnen binne nei alle gedachten net stoarn oan it firus. Ut ûndersyk docht bliken dat se der gjin symptomen fan fertoane. Neiere testen moatte der mear dúdlikheid oer jaan. Wol wis is dat ferline wike ien seehûn oan it firus dea gongen is.

It Lânbouministearje hat posters en flyers op de Waadeilannen ferspraat om oer it seehûnefirus te ynformearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)