Van Wely op koers by NK skaken
Ynternasjonaal grutmaster Loek van Wely giet oan de lieding by it NK skaken yn Ljouwert. Van Wely, dy't de titel ek al pakte yn 1999 en 2000, wûn oant no ta alle fiif partijen.
Sipke Ernst fan Damwâld, de iennige Fryske dielnimmer, moat it oant no ta dwaan mei 2 punten út fiif wedstriden. Yn syn lêste partij spile Ernst remise tsjin John van der Wiel.