Van der Ploeg skriuwt geskink

© Omrop Fryslân
Durk van der Ploeg skriuwt foar de boekewike fan takom jier it geskink. De Fryske boekewike wurdt hâlden fan 26 febrewaris oant en mei 8 maart.
Van der Ploeg út Feanwâlden (1930) skriuwt de novelle De Sniewinter. Dêryn is de haadpersoan in ienselvich figuer dy't in steurde relaasje hat mei de meiminsken yn de maatskippij. Van der Ploeg skreau earder Reis nei de Kalkman.