Gjin parkearkelder by Aldehou

25 jun 2002 - 00:00

Der komt foarearst gjin parkearkelder ûnder it Aldehoustertsjerkhôf yn 'e Ljouwerter binnenstêd. Dat hat de gemeenteried moandeitejûn besletten. B en W woene in kelder mei 510 plakken.

In mearderheid fan 'e ried - op de VVD nei - stimde it plan ôf. De ried is derop tsjin dat de yngong fan 'e kelder yn it Hear Ivostrjitsje komt. De ried sil no te set mei in alternatyf útstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)