Asbest frij by brân

© Omrop Fryslân
By Aldehoarne hat moandei brân west yn yn in skuorre, krekt yn de beboude kom. Dêrby is asbest frijkommen. De brânwacht hie de brân, dy't net al te grut wie, frij gau ûnder kontrôle.
Wol is omwenners fan de skuorre, oan de Skoatterlânsewei, oanret ruten en doarren ticht te hâlden. Dat fanwege it stowen fan de frijkommen asbest. De plysje hat de dyk koarte tiid ôfset.