FEC oan râne fan 'e ôfgrûn

24 jun 2002 - 00:00

It Ljouwerter FEC stiet finansjeel oan de râne fan de ôfgrûn. Der is 600.000 euro ynvestearre yn de oanpassings foar de feemerk en de provinsje hie tasein dy ynvestearrings te fergoedzjen.

Op dit stuit liket it derop dat it FEC gjin sint werom sjocht fan dat jild, want dat mei net fan Europa. Direkteur De Jong fynt dat de provinsje him oan 'e ôfspraak hâlde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)