Red Sionsberg bliid mei fúzje

09 mrt 2012 - 10:25

De aksjegroep Red de Sionsberg is posityf oer de foarnommen fúzje tusken it Dokkumer sikehûs en Nij Smellinghe yn Drachten. It beslút om dit te dwaan jout dúdlikheid en betrouwen foar de takomst, seit wurdfierder Gerrit van Dellen. Wol binne der dûbele gefoelens oer it ferlies fan banen. De aksjegroep bliuwt foarearst bestean en sil it fúzjeproses kritysk folgje.

It stribjen fan 'e twa sikehûsdireksjes is om foar augustus in fúzjeplan klear te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)