Fryslân Fart lûkt protte folk

24 jun 2002 - 00:00

De float fan Fryslân Fart luts snein yn Earnewâld folle mear folk as ferwachte. De organisaasje hie rekkene op 6000 besikers, it wiene úteinliks 12.000. Op it lêste momint moasten stikken greide iepen foar parkearromte foar auto's.

It pontsje nei it bûtenplak koe de grutte stream minsken net oan. Der wiene lange wachttiden, mar dat hat net ta grutte problemen laat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)