Oerol: ynternasjonaal ynteresse

© Omrop Fryslân
De belangstelling fan de ynternasjonale teaterwrâld foar Oerol wurdt hieltyd grutter. Der hawwe dit jier al 60 direkteuren fan festivals en teaters op it eilân west.
Dat jout nasjonale teaterselskippen de mooglikheid om har op Europeesk nivo te presintearjen. Ut resint ûndersyk hat bliken dien dat Oerol yn de Europeeske top 5 fan fernijend teater stiet.