7500 besikers op Wâldrock 2002
Der binne sneon sa'n 7500 besikers op it metalfestival Wâldrock yn Burgum ôfkaam. Foar it earst hie it festival twa poadia en in rekordoantal fan 15 bands. Grutte publykslûkers wiene Motörhead en Within Temptation.
Wâldrock 2002 ferrûn, op in inkeld insidint nei, rêstich. Der binne twa minsken nei it sikehûs brocht mei in brutsen skonk en ankel.