Ravens oantroffen by Appelskea

© Omrop Fryslân
Der sitte wer ravens by Appelskea. Dat hat bliken dien út in grutte ynventari- saasje-aksje fan Steatsboskbehear dy't freed en sneon hâlden is. Ravens binne al jierren net mear sjoen yn Appelskea.
Op in grut tal plakken yn Fryslân binne sûnt freed 12.00 oere in pear hûndert frijwilligers it fjild yngongen om fûgels, ynsekten en planten te tellen. Dat barde ek yn Grinslân en Drinte.