Bou azc It Bildt giet wer troch

21 jun 2002 - 00:00

De gemeente It Bildt hat de boustop fan it azc by Sint Anne opheft. De bou wie stillein omdat ûndersocht wurde moast oft der fûgels yn de fruitbeammen op it bouterrein sieten.

De nije Flora en Faunawet easket sa'n ûndersyk as der boud wurdt yn it briedseizoen. It die bliken dat der gjin fûgels yn de beammen sieten. Al mei al hat de bou in moanne stillein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)