Van Gerner wol ek noch kâns

09 mrt 2012 - 10:16

Turnster Celine van Gerner fan turnskoalle Hearrenfean wol dat it turnbûn har ek noch in kâns jout op kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen. De turnster út Emmeloord hat in nominaasje foar Londen mar koe oant no ta gjin foarmbehâld toane omdat se lang blessearre wie. It turnbûn hat yntusken Wyomy Masela oanwiisd.

Troch de winst fan Jeffrey Wammes yn it proses tsjin it turnbûn dizze wike sjocht Van Gerner no ek nije mooglikheden foar kwalifikaasje. Van Gerner traint op It Hearrenfean by de Fryske bûnscoach Gerben Wiersma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)