Sineeske ûndernimmers yn Fryslân

© Omrop Fryslân
In groep fan 98 Sineeske ûndernimmers hat freed in besite brocht oan Fryslân. Doel wie om kontakten te lizzen mei Fryske ûndernimmers dy't har dwaande hâlde mei lânboutechnyk.
It wie foar it earst dat sa'n grutte delegaasje Sineeske hannelslju in besite brocht oan Fryslân. De dei waard ôfsletten yn it provinsjehûs dêr't de groep Fryske ûndernimmers moete hat.