Feyenoordsupporters wolle aksje

© Omrop Fryslân
Supporters fan Feyenoord wolle de wedstriid tusken in seleksje fan Gaasterlân-Sleat en SC Heerenveen fer- steure. Dy wedstriid stiet foar 13 july yn Bakhuzen op it programma. Supporters ha dat op ynternet oankundige.
Se wolle protestearje tsjin it supportersbelied fan Hearrenfean. Se fine dat se te min kaarten krije foar wedstriden yn it Abe Lenstra Stadion.