Kij sûnder earmerk romme

© Omrop Fryslân
De AID hat ferline wike tongersdei 43 kij romme op in pleats tusken Grou en Jirnsum. De kij hiene gjin earmerken. De AID hie de boer al in oantal kearen warskôge. De earmerken binne wichtich by it bestriden fan sykten.
De oare bisten op it bedriuw binne net romme, om't dy wol earmerke wiene. De boer wie gjin earmerkwegerder, mar hie de boel om oare redenen net op oarder.