Jeugd praat mei op gemeentenivo
Yn Tytsjerksteradiel is woansdei de jongereinadvyskommisje TJAC ynsteld, mei fertsjinwurdigers út alle doarpen. De kommisje is ûntstien op oantrún fan de jeugd sels. Doel is mear ynfloed op de gemeente te hawwen. Punten fan omtinken binne: mear JOP-plakken, better diskoferfier, mear ferljochting fan tsjustere diken en mear wenten foar starters.