Prinsesse Margriet nei Stroobos

© Omrop Fryslân
Prinsesse Margriet komt freed nei Stroobos foar de lêste wurksemheden oan de farwei De Lemmer-Delfsyl. De farwei is de ôfrûne jierren útdjippe oant 4 meter 25 en kin no troch gruttere skippen befearn wurde.
It wurk oan de 118 kilometer lange farwei is yn 1991 úteinset. De farwei befettet it Prinses Margrietkanaal, it Van Starkenborghkanaal en it Eemskanaal.