Ynvestearrings Sportstad ûnwis

© Omrop Fryslân
In eksterne accountant moat besjen oft de subsydzje fan 19 miljoen euro oan it projekt Sportstad Heerenveen terjochte is. De provinsje hat it bedrach tasein, mar lûkt dat wer yn as it projekt neffens de accountant ûnfolslein is.
Ek soarchfersekerder De Friesland lûkt him mooglik werom. Yn totaal binne der foar 325 miljoen euro ynvestearrings nedich foar Sportstad Heerenveen.