Sfinks giet frijwol wis ticht
Jongereinsintrum Sfinks op it Hearren- fean giet frijwol wis ticht. Wethâlder Kaastra sjocht gjin oare mooglikheid. De sluting is ien fan de opsjes fan de gemeente om te besunigjen. It CDA die noch in útstel om it Posthuis-teater te sluten, mar neffens Kaastra is dat net reëel.
Tiisdeitejûn beprate de gemeente de maitiidsnota en de besunigings.