Gjin fleanshow by Fiskerijdagen

19 jun 2002 - 00:00

Der kin dit jier gjin fleanshow hâlden wurde by Harns fanwege de strange regels foar it waadgebiet. De fleanshow wurdt tradisjoneel op de lêste dei fan de Harnser Fiskerijdagen hâlden.

Fleantugen meie boppe it Waad net leger fleane as 1500 foet, sa'n 500 meter. As alternatyf komt der no in show mei twa helikopters fan de SAR. De Fiskerijdagen wurde ein augustus hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)