Gjin wrotmûs, wol pankoeken

19 jun 2002 - 00:00

De bou fan in pankoekpaviljoen by Terherne hoecht net oer te gean fanwege de noardske wrotmûs. Dy komt op it plak fan de bou hielendal net foar, sa hat ûndersyk útwiisd. Dat ûndersyk hat 16.000 euro koste.

De bou fan it paviljoen set ynkoarten útein. It moat takom jier maitiid klear wêze. De earste oanfraach foar in paviljoen waard al yn 1998 dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)