Hynsteride yn Rysterbosk

© Omrop Fryslân
Ruters en hynstemenners kinne yn de takomst ek yn de Rysterbosk harren hobby útoefenje. Op fersyk fan de leden fan Menferiening Gaasterlân hat grûn- eigner It Fryske Gea in spesjaal hynderpaad fan twa en in heale kilometer oanlein. Oant no ta wie de bosk by Riis allinnich tagonklik foar kuierders.
De oanlis fan it ruter- en mennerpaad hat 50.000 gûne koste.