Snitser sikehûs wreidet út

© Omrop Fryslân
It Antoniussikehûs yn Snits moat ynkoarten fiks útwreidzje. It sikehûs ferwachtet in groei fan it tal pasjinten mei fjouwer prosint. Dêrom moat de kommende tiid ek nij personiel oanlutsen en bêden oanskaft wurde.
It Snitser sikehûs hat dat it ôfrûne jier ek al dien. Der binne yntusken al tsien nije medysk spesjalisten en 75 ferpleechkundigen oanlutsen.