Restauraasje stedhûs los
Moandei is begûn mei de restauraasje fan it âlde Ljouwerter stedhûs. De restauraasje fan it 17de ieuske gebou sil 10 miljoen euro kostje en twa jier duorje. Nei de restauraasje wurdt it stedhûs wer bestjoerssintrum.
De skânsearre skilderijen yn it stedhûs wurde stik foar stik renovearre. Dat jildt ek foar it âlde kasjot yn 'e kelder fan it gebou.