Nije busregeling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ferfierbedriuw Arriva wol de tsjinst- regeling fan de stedsbussen yn Ljouwert oanpasse. Op dit stuit ride in soad bussen net op tiid en betiden falle der guon út. Ek it tal passazjiers yn de bussen yn de binnenstêd falt ôf.
By Arriva komme in soad klachten binnen fan passazjiers en sjauffeurs. De wizigings moatte kommende wiken foar ferbettering soargje.