Pantera wol liuwen útsette

17 jun 2002 - 00:00

Rôfdiere-opfang Pantera is begûn mei in projekt foar de bedrige Afrikaanske liuw. Pantera wol sjen oft it mooglik is yn Europa fokte liuwen út te setten yn de frije natuer yn Afrika.

Foar it ûndersyk kin Pantera, fan Nijeberkeap, in grut natuerpark yn Súd- Afrika brûke. Oan it projekt dogge ek universiteiten mei. Dy sjogge nei de gefolgen foar liuwen en befolking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)