Poalen oan it wurk yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Bedriuwen yn it Noarden meitsje hieltyd mear gebrûk fan arbeidskrêften út Poalen. It giet om legale produksje- meiwurkers en fakminsken lykas laskers en skilders.
Fia it Poalsk-Nederlânske útstjoerburo Level 1 yn Drachten binne yntusken 200 Poalen yn Nederlân oan it wurk. It bedriuwslibben freget om noch mear minsken, sa seit direkteur Mirowski.