197 miljoen euro foar sweeftrein

14 jun 2002 - 00:00

Der komt in sweeftrein tusken de Rânestêd en it Noarden. Alteast, as it oan it kolleezje fan Deputearre Steaten yn Fryslân leit. DS wol noch dit jier 197 miljoen euro betelje en dat soe genôch wêze moatte om de oanlis fan it spoar te beteljen.

De provinsje Grinslân betellet mear, de provinsjes Flevolân en Drinte minder. It jild wurdt dit jier op rinte set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)