4 jier sel easke tsjin Driezumer

14 jun 2002 - 00:00

Tsjin in 32-jierrige man út Driezum is fjouwer jier sel en tbs mei twangferpleging easke. De man hat fan jannewaris 2000 oant en mei augustus 2001 ûntucht bedreaun mei fiif bern yn de leeftiid fan 5 oant 10 jier.

Fjouwer fan har, 3 jonges en in famke, komme út ien gesin. Neffens de offisier fan Justysje is de kâns op herhelling grut. De útspraak is oer 14 dagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)