Jonge ferwûne nei oanriding

09 mrt 2012 - 09:58

By in ûngelok yn Menaam is in jonge (18) út Frjentsjer tongersdei slim ferwûne rekke. De jonge woe de Rypsterdyk oerstekke om nei in bushalte te gean. Hy seach net dat der in auto út de rjochting fan Dronryp kaam. De bestjoerder koe him net mear ûntwike.

De traumahelikopter waard oproppen, mar dy koe fanwege leechhingjende bewolking net yn Menaam lânje. De hely waard yn Drachten oan de grûn set en de dokter waard dêrwei troch plysjes nei it slachtoffer brocht. De jonge is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
oanriding Menaam ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)