Proef yn Ljouwert mei breedbân

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert docht mei oan in test mei breedbân-ynternet. Ljouwert krijt dêrfoar subsydzje fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Oan de test meie bedriuwen en ynstellingen lykas skoallen meidwaan.
De gemeente ûndersiket no hoe't breedbân it bêste ynset wurde kin. Mei breedbân kin der fleanende hurd oer it ynternet surft wurde.