Mei hynder-en-wein oer Boskplaat

14 jun 2002 - 00:00

De organisaasje fan Oerol biedt de âlderein fan fersoargingshûs De Stilen op Skylge in rit mei hynder-en-wein oer de Boskplaat oan. De gemeente wegere earder in rit mei auto's oer it strân ta te stean. Eilânbewenners hiene dêr om frege om't Oerol-meiwurkers dat wol meie.

Om de eilânbewenners temjitte te kommen wurdt dêrom no dizze tocht organisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)