Fleantúchbom noch net fûn

13 jun 2002 - 00:00

De syktocht nei de Ingelske fleantúchbom yn Ljouwert wurdt freed staakt. It hiele gebiet oan de Jelsumerstrjitte dêr't de bom lizze kin is ôfrûne 13 wiken ûndersocht.

Oant no ta hat de syktocht neat opsmiten. Dochs is it foar 98 persint wis dat der in bom leit. 30 fan de 1000 boarringen moatte noch dien wurde. De GGZ wol graach nijbou op it stik grûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)