Gjin homohoulik foar amtners

© Omrop Fryslân
Yn Eaststellingwerf meie amtners fan de boargerlike stân homohouliken wegerje. De gemeente wol romte jaan oan amtners dy't gewissebeswieren ha. It stânpunt ha se bepaald nei oanlieding fan de reboelje yn Ljouwert.
Dêr is in amtner ûntslein dy't om har kristlike identiteit net minsken fan it selde geslacht trouwe wol. De kommisje gelikense behanneling joech har gelyk.