Boeren ha soad skea fan staking
De boeren yn it noarden ha oardel miljoen euro skea troch de stakings yn de suvel. Se moasten fiif miljoen liter molke rinne litte. It is noch ûndúdlik wa't de skea fergoedet.
By de stakings wienen de emoasjes heech oprûn. By it CNV-kantoar yn Drachten stienen tiisdei lilke boeren. It CNV hat by de plysje oanjefte dien fan bedriging en fernielings.