Akkoart oer cao yn suvel
De fakbûnen binne it woansdei iens wurden oer in nije cao yn de suvel- yndustry. Dêrmei binne de stakings fan 'e baan. De beide fakbûnen binne akkoart gien mei it útstel fan de wurk- jouwers om it lean mei 6,75 prosint te ferheegjen. De eask wie 7 prosint.
De stakings stiene al ûnder druk troch aksjes fan lilke boeren, dy't har molke net mear kwyt koene.