Feestlik ôfskied asylopfang
Berltsum hat tiisdei ôfskied nommen fan de 125 bewenners fan it asylopfang yn it doarp. Ein july rint it kontrakt foar opfang yn Berlingahiem ôf. It slim fertutearze gebou wurdt sloopt.
Twa jier lyn joech it opfangsintrum in soad opskuor. De Berltsumers fûnen doe dat se der te min by belutsen wienen. No sjogge de measte ynwenners goed werom op de tydlike ynwenners.