Koalmonokside yn flat nei brân

09 mrt 2012 - 09:51

In tal minsken hat tongersdeitenacht net yn har hûs yn in flat yn Drachten sliepe kinnen, omdat der nei in brân tefolle koalmonokside oantroffen waard. De brân ûntstie yn in auto en in karavan op it parkearplak njonken de flat. De brân soarge foar in soad reek en dy kaam yn de flat. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Dêrnei binne der mjittingen dien yn de huzen dêr't in soad reek ynkaam wie.

Yn guon gefallen wie de konsintraasje koalmonokside sa heech, dat de bewenners der net bliuwe koene. Se binne earne oars opheind.

Trefwurden: 
Drachten brân flat Lange West
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)