Diskusje oer museum op Saailân

11 jun 2002 - 00:00

Omrop Fryslân TV organisearret moandei 17 juny in iepenbiere diskusje oer de komst fan in nij museum op it Saailân yn Ljouwert. De ferline jier ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema hat foar dit doel in legaat fan 18 miljoen euro neilitten.

Fragen foar de diskusje binne: Is it Saailân in goed plak en wat moat der eins te sjen wêze yn it museum. De diskusje is om 17.00 oere by de FBTO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)