Sirkus Ljouwert komt net werom

11 jun 2002 - 00:00

It simmerfestival Sirkus Ljouwert is mislearre. De organisearjende Stichting Zomerpodium is oan 'e kant skood troch de gemeente. Se kinne de optredende artysten net betelje.

Der wurdt no wurke oan in nije opset foar 2003, ûnder oare troch Joop Mulder fan Oerol en Jos Thie fan Tryater. Dit jier komt it iendaachsk strjitfestival werom, organisearre troch De Harmonie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)