Handikapte frou mishannele
In handikapte frou is snein mishannele yn Ljouwert. De frou, dy't yn in elektryske stoel sit, waard by hûs fan efter fêstpakt troch in man. Dy ferwûne har yn it gesicht mei in skerp foarwerp.
De man sei de frou by de mishanneling dat se dat fan him tegoede hie. Neffens de frou wie de oerfaller deselde as dejinge dy't har in moanne lyn yn hûs oerfoel. De plysje siket tsjûgen.