Slaande rúzje by buorlju
Twa buorlju oan it Ruterpaad yn Beetstersweach ha moandei slaande rúzje krigen. In 32-jierrige man sloech it rut fan de wenning fan syn buorfrou yn. Dêrnei bedrige er de frou mei in bôlemes.
Doe't de freon fan de frou derby kaam naaide de buorman út. De freon efterfolge him en sloech it rut fan de foardoar fan de buorman yn.